Skildernocht
In het gemeentehuis in Joure is van 19 juni tot en met 13 oktober de expositie ‘Skildernocht’ te zien van Johan Schuurman uit Joure.
Yn Akkrum bin ik berne en opgroeid mei de natuer en it wetter. As ûnderwizer yn 1968 yn Frjentsjer begûn en fan 1974 – 2008 foar de klasse stien oan de Lyts Luchtenveld skoalle op De Jouwer.
Yn 1990 bin ik by de teken- en skilderclub “’t Atelier” op De Gerdyk begûn mei akwarelferve. Les ha ik hjir hân fan Wil Vonk, Dinie Bogaard, Marleen van Engelen en Bettie van der Kamp.
Yn 2008 krige ik mear frije tiid en ha my doe talein op oaljeferve. Doe ha ik jierren op les west by Marten Sijbesma yn Kubaard. Syn wize fan skilderjen spruts mei tige oan. In skilderij wurdt yn 3 lagen opsetten, de earste laach mei terpentine, yn de twadde laach moat der in stevige laach op brocht wurde en de tredde wurdt der in glacis oerhinne brocht, wêrtroch de ûnderste lagen werom komme. Marten stoppe dermei en doe bin ik noch trije jier op les by Edgar de Cruyer yn Stiens west . Hy wurke op deselfde wize.
Favorite ûnderwerpen binne “stillevens“ en de “natuer”. Ek krij ik opdrachten om fan in foto in skilderij te meitsjen.
Johan Schuurman
t. 0513-414270 / m. 06-50813529
